Ynformaasjejûn Rendac útsteld

De ynformaasjejûn oer de sûnensrisiko's fan Rendac op tongersdei 18 april giet fanwege de tongblier-krisis net troch.
Dat hat de provinsje bekend makke. Omwenjenden meitsje har al in skoft soargen oer de ferwurking fan BSE- en tongbliermateriaal en ha in soad fragen. Ek de gemeente Tytsjerksteradiel wol dúdlikheid. De ynformaasjejûn sil no pas yn juny hâlden wurde.