Untromming autobânrecycling

© Omrop Fryslân
De provinsje is moandei út ein set mei de ûntromming fan Banden Recycling Nederland yn Ljouwert. Op it terrein lizze fierstente folle autobannen. It bedriuw hâldt him net oan de provinsjale miljeufergunnings.
De provinsje warskôge yn septimber dat de oerstallige bannen yn trije moanne tiid oprêden wêze moast. No't dat net dien is, hat de provinsje syn nocht.