Talen stjerre by boskjes út

© Omrop Fryslân
Earne op 'e wrâld stjert alle twa wiken in taal út. Dat sei professor Crystal fan de universiteit fan Wales lêsten. Fan de 6000 sprutsen talen sil de helte yn de kommende ieu ferdwine, sa sei er.
Neffens Crystal is it in fabel dat in taal 'feilich' wêze soe mei 100.000 praters. Mei in hiel soad jild soe de delgong te kearen wêze. Om de talen te behâlden is 900 miljoen dollar nedich.