Ferskaat oan workshops by Parnas

Parnas yn Ljouwert organisearret tal fan foarjiersworkshops. It giet om aktiviteiten dy't koarter binne as in kursus. De technyk stiet sintraal by de workshops dy't troch profesjonals fersoarge wurde.
Yn april en maaie steane de folgjende keunsten op steapel: etse yn glês, model-akwarellearje, fakânsjefotografearje en in oriïntaasje op skriuwen.