Skûtsje is omslein by Grou

By Grou, op de Wide Ie, is sneon in skûtsje omslein. Oan board wienen alve minsken. Se foelen allegear yn it wetter mar net ien rekke ferwûne. De oarsaak is de skipper fan De Weduwe fan Akkrum net bekend.
De brânwacht kaam mei twa boaten om te helpen. De dweiltrochwiete gasten binne opfongen yn in restaurant yn Grou. It skansearre skip waard fuortsleept.