Maxima: in Baskyske oan it hof

© Omrop Fryslân
Nederlân krijt in Keninginne fan Baskyske komôf. De heit en mem fan Maxima komme beide út in laach fan Baskyske emigranten. Jorge Zorreguieta is 'lehendakari' (presidint) fan 'e Baskyske feriening 'Juan de Garay', dy't ûnder oaren Baskyske kursussen organisearret.
Oft Maxima ek Baskysk praat is ûnbekend, mar bekendheid mei en sympaty foar minderheidstalen mei wol ferwachte wurde.