Selektyf rommere maatregels

De maatregels yn ferbân mei de tongblier binne fan freedtejûn ôf wat rommer wurden. Sa meie ikkerbouwers mei skiep, kij en bargen wol sels ierpels ôffiere. Se meie ek minsken op it hiem talitte.
Foar bedriuwen mei plomfee en evenhoevigen hâldt de ferromming yn dat plomfee ferfierd wurde mei nei bedriuwen dêr't inkeld plomfee is. De strange regels foar ûntsmetting jilde noch wol hieltyd.