Fiif brânen op It Hearrenfean

By brân op It Hearrenfean is yn de nacht fan freed op sneon foar miljoenen gûnen skea oanrjochte. It magazyn fan in slach en blaasynstrumintefabryk brânde foar in grut part út. It fjoer wie yn in ôffalkontener ûntstien.
Yn 'e selde nacht wienen noch fjouwer oare kontenerbrânen op it doarp. In spesjaal resjerzjeteam ûndersiket de saak; de plysje tinkt oan brânstifting.