Gjin weryndieling by Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeenten om Ljouwert hinne kinne rêstich sykhelje: de weryndieling is definityf fan de baan. Dat is freed mei de provinsje ôfpraat. De gemeenten sille mear mei elkoar gearwurkje.
Op in gearkomste binne ôfspraken makke op it mêd fan wenjen, wurkjen, foarsjennings en ynfrastruktuer. De boargemasters lykje no lang om let nei jierrenlange diskusjes ienriedich te wêzen.