Hajé-De Jager nimt Postiljon oer

De oername fan it Mercure-Postiljon Hotel op It Hearrenfean troch hoarekaûndernimmer Hajé-De Jager is definityf rûn. Beide partijen hawwe dêr in akkoart oer tekene.
Mercure-Postiljon woe it hotel wol kwyt omdat it hotel sûnt de oanlis fan it klaverblêd by It Hearrenfean dreech te berikken is. De nije eigner Hajé sjocht wol mooglikheden foar it hotel.