FEC freget om finansjele stipe
It FEC yn Ljouwert trúnt by de oandielhâlders oan op ekstra jild. Direkteur De Jong is bang dat sûnder sa'n stipe wurknimmers fan de feemerk de dupe reitsje fan de tongblierkrisis.
De feemerk is no al fiif wike ticht. Dat hat al in kwart miljoen gûne koste en it sjocht der noch net nei út dat de merk gau wer útein sette kin. De hûneshow mei Peaske giet ek net troch.