Skoallen ûnder tafersjoch

Twa Fryske skoallen krije ekstra tafersjoch troch de ûnderwiisynspeksje. De prestaasje fan de learlingen binne te min. Benammen op de fakken taal en rekkenjen skoare se net bêst. Mooglik krije 9 oare skoallen ek tafersjoch.
Ut ûndersyk blykt dat de Fryske skoallerisseltaten ûnder it lanlik gemiddelde lizze. De prestaasjes binne wol better wurden, fergeleken mei trije jier lyn.