Boeren blokkearje brêge N31

Lilke boeren hawwe tiisdeitemoarn betiid de Keningsbrêge yn 'e N31 by Harns blokkearre. Se sette trekkers dwers op de wei út protest tsjin de tongbliermaatregels. Folle ferkear wie der net. Om 6.00 oere is de dyk wer frijjûn.
By wettersuvering Skipsleat by Wolvegea binne moandei deade fisken fûn. Nei alle gedachten binne yllegale molke-loazings de oarsaak fan de stjerte.