VVV Snits fersit syn kânsen

© Omrop Fryslân
Se hiene wol oerwicht mar slaggen der net yn de wedstriid te winnen. VVV Snits behelle snein in meager 1-1 gelykspul tsjin Babberich. Foar de Friezen kaam der gjin eigen doelpunt oan te pas.
Nei de iepener fan Peter Albers (0-1) soarge Babberichspiler Jeroen Jordens troch in treffer yn eigen goal foar de gelykmakker. Snits bliuwt op it alfde plak fan 'e haadklasse C stean.