Drokke tiden foar molkriders

Ferskate Fryske feehâlders hawwe ek sneon molke yn 'e sleat rinne litten. De molkweinen kamen letter as ferwachte omdat it ministearje de ferromming fan it transportferbod net op 'e tiid op papier hie. Guon boeren moatte oant tiisdei wachtsje oan't se oan bar binne.
Yntusken gie it útsuteljen fan feefoer ek snein troch. De measte Fryske boeren hawwe no wer genôch op foarried.