Trije nije útjeften Afûk

© Omrop Fryslân
Utjouwerij Fryslân fan de Afûk hat trije nije Fryske boeken útbrocht. Foar de pjutten is 'Rommy' ferskynd, in printeboek fan Guido van Genechten. In humoristysk printeboek is der foar bern fan 3 oant 8 jier: 'Krammele, in lús'.
'Foppe', it tredde nije boek, rint as it spoar, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk. Fan de Fryske edysje moat al in twadde printinge komme.