Huizinga bliuwt op sânde plak

Frou Tineke Huizinga fan It Hearrenfean komt definityf net op in heger plak op de lanlike kandidatelist fan de Christen Unie. Dat hat it kongres fan de partij sneon yn Apeldoorn besletten.
It Feanster riedslid stie as earste frou sânde op 'e list foar de TwaddeKeamer-ferkiezings. Sneon waard in moasje om har twa plakken heger te krijen, fersmiten.