Protestfjoer fan feehâlders

© Omrop Fryslân
In soad Fryske boeren ha freedtejûn op har hiem fjoer makke om te protestearjen tsjin it ferbod op ynintsjen fan it fee tsjin tongblier. De NLTO hie de boeren oproppen om in fjoerke te stoken.
De aksje is bedoeld as in stil, symboalysk protest. De boeren wolle foarkomme dat der yn gefal fan tongblier grutte brânsteapels fan fee komme, lykas yn Ingelân.