Bijman oanslein troch tongblier

© Omrop Fryslân
Lânboudeputearre Bijman ferwachtet dat it miljarden kostet om de lânbou nei de tongblierkrisis op it âlde nivo te krijen. It sil boppedat in protte tiid kostje.
Neffens Bijman komt de klap foaral yn Fryslân, as lânbouprovinsje by útstek, hurd oan. Syn meilibjen giet benammen út nei de boeregesinnen. Hy stipet it belied fan lânbouminister Brinkhorst.