'Molke moat net yn 'e sleat'

© Omrop Fryslân
It Wetterskip fynt dat boeren har molke net yn de sleat rinne litte moatte. Molke yn it oerflaktewetter is skealik foar it miljeu. Troch de tongblier wurdt de molke net mear ophelle.
Mei de NLTO siket it wetterskip nei in wize om molke tydlik op it boerehiem op te slaan. It wetterskip tinkt der ûnder mear oer om sleatten mei foly ôf te beakenjen en as reservoir te brûken.