Duo-skriuwerskip Fryske Rie

It siktariaat fan 'e Fryske Rie - it gearwurkingsferbân fan 'e Fryslannen giet fan Ostfriesland nei ús Fryslân. It skriuwerskip komt yn hannen fan frou Jos Popkema fan Burgum en âld-steatelid Roel Falkena fan Beetstersweach.
Falkena en Popkema wurde offisjeel beneamd by de tradisjonele Sternfahrt der Friesen op Helgolân yn maaie. De lêste jierren wie Spanjer út Leer skriuwer.