Hâld Skylge tongblierfrij!

Op oantrunen fan de NLTO-ôfdieling Skylge meitsje Rederij Doeksen en de gemeente Skylge in grutte ûntsmettingsbak foar alle auto's dy't fan it festelân komme. De eilanner boeren wolle sa besykje om Skylge tongblierfrij te hâlden.
Ek by snelboat Koegelwieck komt in ûntsmettingsbak, dêr't alle reizgers trochhinne moatte. Ek oan board fan De Friesland wurde ûntsmettingsbakken delset.