'Koerd kin net útsetten'

© Omrop Fryslân
It COA hie de Irakese Koerd net út it azc yn Drachten sette mochten. Dat seit flechtlinge-organisaasje Inlia. De man, dy't útprosedearre is, is al in skoft yn hongerstaking. Hy sit no op de stoepe.
Neffens Inlia kin de man net weromstjoerd wurde om't der mei Noord-Irak gjin ôfspraken binne oer it weromstjoeren fan minsken. Woansdei beprate Inlia en it azc yn Drachten de saak.