Utslach Tsjom is goed

It fee fan boer Hoekstra fan Tsjom is net besmet met tongblier. Mei spanning wachte er op de útslach fan de test fan de RVV, dy't tiisdei goed útpakte.
It ôfrûne wykein moast it bedriuw op slot. In ko dy't nei Portugal eksportearre wie, fertoande ferskynsels fan tongblier. Dat wie falsk alarm. De mooglike besmetting fan it fee op de pleats hâlde it hiele doarp yn 'e besnijing.