Minder konsumpsje fan fleis

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear minsken iten minder fleis. Guon stappe hielendal oer op biologyske produkten lykas soja. It betrouwen fan de konsumint nimt hurd ôf troch BSE, tongblier, bargepest en dioskinekrisis.
De fegetaryske produkten fleane dizze tiden de winkel út. Mear en mear minsken witte it paad nei biologysk-dynamyske winkels te finen. It is fansels de fraach oft dat sa bliuwt yn de takomst.