Gertjan Verbeek nei Heracles

Assistint-trainer Gertjan Verbeek fan SC Hearrenfean giet yn 'e simmer as haadtrainer nei SC Heracles. Verbeek is no trainer fan it twadde fan Hearrenfean.
Gertjan Verbeek kaam yn 1983 by Hearrenfean as fuotballer. Nei syn fuotbalkarriêre bleau Verbeek as trainer fan 'e ferskate jeugdteams en it twadde. Hy is ek assistinttrainer ûnder Foppe de Haan. Verbeek tekene foar 2 jier by Heracles.