Feetransport komt wer op gong

Mei it ferromjen fan it ferfiersferbod is moandei it feetransport nei de slachterijen wer op gong kommen. De maatregel gie om tolve oer fannacht yn. Utsûndering binne bedriuwen yn in straal fan 3 kilometer om in fan tongblier fertochte pleats hinne. Dy bliuwe op slot.
De ûntheffing jildt inkeld foar ferfier nei de slachterij. Yn alle oare gefallen moat ûntheffing oanfrege wurde.