Konsert Bløf yn Harmonie ôflast

© Omrop Fryslân
It konsert dat de Sieuske formaasje Bløf tiisdei jaan soe yn De Harmonie giet fansels net troch. Sneon kaam drummer Chris Götte by in motorûngelok om it libben. Bløf hat sadwaande foarearst alle optredens skrast. In nije datum is der ek noch net.
De ûnferwachte dea fan Götte makket in soad los by de fans. Op de website fan 'e band steane hûnderten reaksjes.