Ek neisoarch ynearsten taboe

In nije klap foar de leafhawwers fan it aaisykjen. It BFVW hat besletten dat ek de neisoarch ynearsten net trochgean kin fanwege mooglike tongblierbesmetting.
It BFVW woe eins nije wike begjinne mei neisoarch op in spesjale wize. Ien neisoarger op ien boer om alle besmettingsrisiko's foar te kommen. Mar ek dat is no fan 'e baan. Faaks dat yn april noch neisoarch plakfine kin.