Fryske ûndernimmerspriis útrikt

Direkteur Postma fan skjinmakbedriuw Nivo Noord út Ljouwert hat de Fryske 'Beste Ondernemers Visie-Trofee' krigen. Hy joech yn in diskusje tongersdei yn Snits de bêste fyzje op it tema 'effektive kommunikaasje'.
In rapport dat Nivo Noord ynlevere hie foar de finale wie trochslachjouwend foar de sjuery om Postma de priis te jaan.