Van der Zaag werbeneamd

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân bliuwt noch in termyn. De keningin hat him tongersdei werbeneamd. De werbeneaming is twa moanne earder kaam as de bedoeling wie.
Dizze wike begûn de FNP yn de gemeente in diskusje oer de werbeaming. Fia in ynternetenkête koenen minsken 'stimme' oer it oanbliuwen fan Van der Zaag. Twaensechtich prosint wie dêr foar.