Lânboumuseum yn natuergebiet

Lang om let is it dan sa fier: it nije Frysk Lânboumuseum hat in plakje. It nije museum komt yn natuergebiet De Alde Feanen. It museum komt by it noch te bouwen besikerssintrum yn De Alde Feanen.
It Fryske Gea en de direksje fan it lânboumuseum sille op syk nei in gaadlike lokaasje. Om it nije museum hat jierrenlang strideraasje west.