Trekkers op skoalle taboe

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Van Hall-Ynstitút en it AOC meie net mear mei de trekker op skoalle komme. It lânbouûnderwiis hat de maatregels nommen fanwege it tongbliergefaar. Boppedat hawwe de skoallen in tal yngongen op slot dien en moat elk dy't deryn wol, de skuon ûntsmette.
Earder wiene al de staazjes by feehâlderijen stopset. Kursusgearkomsten gean ek net troch.