Grutte fisk foar museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert hat in grutte fisk binnenhelle. It giet om in twa meter lange meerval. De fisk komt nei alle gedachten yn it rariteitenkabinet.
It bist is fongen yn Poalen en komt fan in famylje yn Wolvegea. Om't de fisk net yn de keamer past, hat de famylje him oan it museum jûn. De grutste yn Nederlân fongen meerval is 1 meter.