Ljouwert wol mear omtinken

De provinsje hâldt folslein fêst oan de ekonomyske ûntjouwing fan de Westergosône en de A7-sône. Deputearre Van Klaveren fielt der neat foar om Ljouwert mei mear neidruk yn de diskusje oer dat ûnderwerp te belûken.
Boargemaster Van Maaren fan Ljouwert pleite tiisdei op de Bedriuwekontaktdagen foar mear omtinken foar Ljouwert en dêrmei foar hiel Fryslân.