Ynwenner fan Seisbierrum fermist

© Omrop Fryslân
Sûnt freed wurdt Johan Rypma (67) fan Seisbierrum fermist. Hy is yn oerspannen tastân nei Frjentsjer ta riden, hat dêr noch wat ôflevere is sûnt doe spoarleas.
Rypma is 1.68 lang, hat griis-blond hier en in kealige holle. Hy hie in ljocht winterjack oan en in brún-reade rútsjepet op. It kenteken fan syn VW Jetta is NN 18 SR. Wa't him sjoen hat, kin belje mei de plysje: 0900 - 88 44.