Kampeare by de boer ferbean?

© Omrop Fryslân
Kampearboeren yn Fryslân sitte noch net yn noed oer de tongblierkwestje. It kampearseizoen set tongersdei út ein en sa't it no liket binne de preventive maatregels tsjin de besmetlike feesykte dan noch altyd fan krêft.
De lanlike organisaasje fan kampearboeren, Stichting Vrije Recreatie, sit der wol oer yn. De sykte hearsket noch net yn Nederlân. Ingelân is swier troffen.