Tsjerke Hilaard hast klear

© Omrop Fryslân
De ein fan de restauraasje fan de tsjerke fan Hilaard is yn sicht. Oan de opknapbeurt fan de Johannes de Dopertsjerke is hast in jier wurke. Oer fjirtjin dagen moat it wurk dien wêze.
Mei-inoar hat de restauraasje 700 tûzen gûne koste. Dat jild hawwe de Hilaarders sels op it kleed lein troch fûnsen oan te boarjen. Der binne ûnder oare maatregels tsjin de bûnte kjifkrobbe naam.