Wenwyk Boalsert net oer A7

© Omrop Fryslân
De gemeente Boalsert lit de nije wenwyk oan de oare kant fan de A7 falle. It each wurdt no op de eastkant fan de stêd rjochte. In ferrassende ûntjouwing want der hat in brede ynspraak west oer it plan, súdlik fan de sneldyk.
De provinsje en de ynspekteur romtelike oardering sjogge de A7 lykwols as in te grutte barriêre foar de nije wenwyk en Boalsert hat in goed alternatyf.