Biolooch wol dochs aisykje

© Omrop Fryslân
Amateur-fjildbiolooch Willem Bil fan Lippenhuzen sil ûntheffing freegje om te aisykjen. Hy tsjinnet in fersyk yn by it ministearje.
Bil is altiten te finen yn natuergebiet De Dulf by Nij Beets. Neffens him is de kâns nihil dat hy tongblier ferspriedt, om't hy bûn is oan ien gebiet. Bil docht al jierren lang ûndersyk nei it wolwêzen fan de ljip.