Haast advokaten yn saak-Tingen

© Omrop Fryslân
De Hege Ried sil nei alle gedachten de babymoardsaak Tingen mei faasje behannelje. Dat op fersyk fan it advokatekantoar Anker dat de belangen fan de fertochte frou út Waskemar behertiget.
De advokaten ha dit frege fanwege it feit dat de fertochte in poppe hat fan 1 jier âld. De frou mei de poppe net by har ha yn it gefang. De advokaten hoopje dat de saak no yn maaie foarkomt.