Fries fêst yn Ingelân foar drugs

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige man út Boarnsterhim sit al wiken fêst yn Ingelân op fertinking fan it smokkeljen fan sa'n 6 miljoen gûne oan drugs. Hy is begjin dit jier oanholden yn de haven fan Dover.
De man kaam mei syn frachtwein út it Belgyske Zeebrugge. Yn de auto siet 475 kilo drugs yn 35 doazen, dy't by in kontrôle sa út de frachtwein foelen. De man seit sels dat er ûnskuldich is.