Grutskalich ûndersyk nei fraude

© Omrop Fryslân
By thússoarchorganisaasje De Friese Wouden komt in grutskalich ûndersyk nei fraude. Ferline jier is in meiwurker ûntslein om't er fraude pleegd hie. Hy hie foar 200 tûzen gûne oan materiaal achteroerdrukt.
De man hat tsjin de resjerzje sein dat der mear oan 'e hân is yn it bedriuw. De direksje hat de meiwurkers frege mei te wurkjen oan in ûndersyk.