Ljouwerter famke ferkrêfte

In 32-jierrige man út Emmen is sneontenacht yn syn wente oanholden, om't er fertocht wurdt fan it ferkrêftsjen fan in famke (16) út Ljouwert. De man soe it famke in lift jaan fan Drachten nei Hooghalen, mar naam har mei nei Emmen.
Yn in kafee warskôge it famke mei har mobyl in freondinne en joech it kenteken fan de auto troch. Doe't de alarmearre plysje kaam, wie it al te let.