SKS ienriedich oer regels

De skûtsje-organisaasje SKS hie sneon in lange gearkomste nedich om in pear orizjinaliteitsregels oan te skerpjen.
Fan de feroarings dy't de saakkundige Kommisje Simmer 2000 foarsteld hie, waarden twa oernommen, ien wer ynlutsen en ien ôfstimd. Sadwaande meie fan 't jier noch kromme mêsten op 'e skippen en lieren op 'e gyk. De gearkomste is fierder rêstich ferrûn.