Idaerd krijt plak foar smoargens

© Omrop Fryslân
Oan de Leechlânsdyk by Idaerd komt in nij grut oerslachplak foar smoargens. Ynwenners fan Boarnsterhim kinne dêr oer trije jier telâne mei bygelyks sloopôffal, grûn en lyts gemysk ôffal.
It nije plak by Idaerd moat as ferfanging tsjinje fan it oerslachplak yn Grou. Dat is te lyts. By Idaerd leit no ek in oerslachplak, mar dat wie sletten om't it net oan de miljeuregels foldie.