Bysûndere swimwedstriid Drachten

© Omrop Fryslân
Mear as hûndert ferstanlik handikapten ha har sneon yn Drachten de longen út it liif swom. Yn swimbad De Welle dienen se mei oan it regionale Special Olympics swimevenemint.
Yn seis kategoryen waard der striden om de medaljes. Marnix Kappers, presintator fan it tv-programma Knoop in je zakdoek, die de priisútrikking.