Sintrum pinebestriding súkses

It sintrum foar pinebestriding fan it MCL is in grut súkses. It hat bliken dien dat santich prosint fan de pasjinten baat ha by de oanpak fan it sintrum.
It sintrum is begjin dit jier offisjeel út ein set. Minsken mei in groanyske pine sûnder dúdlike oarsaak, kinne telâne yn it sintrum. De spesjalisten sjogge net allinnich nei fysike oarsaken, mar ek nei psychyske en sosjale.