Filmfestival Amnesty yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Amnesty International docht de kommende dagen it Filmhûs yn Ljouwert oan. It set tongersdeitemiddei út ein mei 'Achter gesloten ogen'. Nei de film kin it publyk prate mei in 18-jierrige jonge út Sierre Leone.
De oangripende Sjileenske produksje 'Garago Olimpo' is freed te sjen. Oanslutend is der in foarumdiskusje mei de plysje, flechtlingewurk en in advokaat.