Drokke tiden foar De Mar yn Grou

De Mar Houtkonstruksjes yn Grou hat it fleanende drok fanwegen it tekoart oan fakminsken yn de bou. Neffens de direkteur is it foar oannimmers hieltyd dreger om goede timmerlju te finen.
De Mar krijt mear wurk útbestege as earder. Fan 100 wurknimmers tsien jier lyn hat it bedriuw koartlyn it pân neist de saak kocht. Mooglik bout it bedriuw oer in pear jier in nije fabryk yn Grou.